Man mei izeren staaf slein

22 nov 2009 - 14:51

De plysje hat sneontejûn yn Ljouwert in 43-jierrige man oanhâlden, dy't derfan fertocht wurdt in oare 30-jierrige man mishannele te hawwen. Hy soe it slachtoffer mei in izeren staaf op 'e holle slein hawwe.

De fertochte waard yn syn wente oan de Sumatrastrjitte oppakt. De beide manlju hiene spul krigen oer it parkearen yn de strjitte. It slachtoffer moast him behannelje litte yn it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)