Plysjes rêde libben man

Plysjeminsken hawwe sneintemoarn nei alle gedachten it libben rêden fan in 51-jierrige ynwenner fan Noardburgum. De man waard nei in 1-1-2 melding sûnder hertslach yn syn sliepkeamer oantroffen.
De plysjes koene it hert fan de man nei reanimaasje wer op gong krije. Dêrnei brocht in ambulânse it slachtoffer nei it sikehûs ta. Dêr waard er dottere. Syn tastân is op 't stuit stabyl.