Feest 25 jier Iduna

Iduna yn Drachten bestiet 25 jier
Dit jier bestjier it poppoadium fan Smellingerlân, Iduna yn Drachten, 25 jier. Om dit te fieren organisearret Iduna fan 9 oant en mei 12 desimber in soad aktiviteiten.
Der wurdt weromsjoen op in kwart ieu Iduna, stilstien by de hjoeddeistige steat fan it poadium en foarútblikt op de takomst. De tagong is fergees foar âld-frijwilligers. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Iduna.