Freeze on Friday yn Drachten

22 nov 2009 - 13:24

It lokale muzykevenemint Freeze on Friday, dat yn Ljouwert sa stadichoan in begryp wurden is, sil dit jier ek yn Drachten organisearre wurde. It evenemint fynt plak op freed 18 desimber yn de kroegen op de Kaden.

Dêr sille ferskate artysten en bands, lokaal of minder lokaal, optrede. Inkelde nammen binne: De Basis, Shaboon, Ska3 en Greyline. De tagong is fergees.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)