Jansma/Van Calker sechtjinde
Bobslider Sybren Jansma fan De Pein en syn maat Edwin van Calker binne foar in definityf Olympysk startbewiis yn de twamansbob ôfhinklik fan de kommende wrâldbekerwedstriden yn Europa.
It Nederlânsk twatal koe sneon yn Lake Placid gjin foarmbehâld sjen litte. Fan it NOC-NSF moasten sy by de lêste tsien einige. Jansma en Calker einigen as sechtjinde.