"Drokte by priklokaasjes"

22 nov 2009 - 12:17

Guon Fryske gemeenten warskôgje foar ferkearsoerlêst takom wike, by de lokaasjes dêr't yninte wurdt tsjin de Meksikaanske gryp. De gemeente Gaasterlân-Sleat makket him soargen oer de berikberens fan sportkompleks de Trime yn Balk.

Dêr moatte minsken út Gaasterlân-Sleat en Nijefurd hinne foar de grypprik. De gemeente riedt minsken oan om safolle mooglik rinnende as op de fyts nei de sporthal te gean.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)