"Berop tsjin straf útkearing"

22 nov 2009 - 09:50

Minsken dy't straft wurde omdat se mooglik sjoemele ha mei har útkearing, moatte fjouwer wiken de tiid krije om yn berop te gean. Dat wol de SP yn de gemeenteried fan Ljouwert.

Neffens de SP komt it te faak foar dat minsken ûnterjochte in sanksje oplein krije. Troch it lik-op-stuk-belied dêr't de gemeente op ta wol, wurde dy problemen allinne noch mar grutter, tinkt de SP. Minsken moatte dêrom yn steat steld wurde har ûnskuld oan te toanen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)