Spegelkarpers útset

Yn de jachthaven fan It Hearrenfean binne sneontemiddei 300 spegelkarpers útset. Alle fisken wurde earst metten en fotografearre foardat se it wetter yngean. It giet net goed mei spegelkarper, de fisk driget út te stjerren.
It útsetten wurdt dan ek dien om it karperbestân wer op akseptabel nivo te bringen. Lyksoartige projekten binne de lêste jierren ek al útfierd yn de Snitsermar, de Burgumermar en op It Bilt.