Dronken Jouster oanholden

21 nov 2009 - 14:00

In dronken Jouster is yn de nacht fan freed op sneon oanholden op It Hearrenfean. De 38-jierrige man bedrige in portier fan in hoarekasaak op de Fleismerke en fernielde in oantal fytsen.

Tsjûgen meldden dat se sjoen hiene dat de man yn syn auto oanriden kaam. Yn it plysjeburo fernielde de man ek noch in keamer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)