SC Hearrenfean sa goed as fit

Trainer Jan de Jonge
Hearrenfean-trainer Jan de Jonge hat wer ris de beskikking oer in sa'n goed as fitte seleksje. Allinnich Mika Väyrynen is der snein yn de wedstriid tsjin Ajax net by. Hy is siik.
Fansels binne der noch de langduerich blessearren Steppe, Smárason en Roorda, mar fierder is elkenien fit. De ôfrûne twa wike koe der traind wurde mei in grutte groep, op in pear ynternasjonals nei. En dat wie foar De Jonge wol wer ris noflik.