Frachtauto rally presintearre

21 nov 2009 - 13:11

It Dakar Team Holland út Wolvegea hat freedtejûn de frachtauto presintearre wêrmei't it team oan de Dakar-rally yn Argentinië meidwaan sil. De rally yn Argentinië en Sily set op 1 jannewaris útein.

Ferline jier foel it Wolvegeaster team noch út, omdat sjauffeur Marcel Schoo twa ribben brutsen hie. Dit jier besiket Schoo it opnij mei navigator Roelof Koning en monteur Jaap de With. It is de twadde kear dat de Dakar-rally yn Súd-Amearika holden wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)