Stroomsteuring yn Ljouwert

Foto: Enexis
In grut part fan de Vrijheidswyk yn Ljouwert hat freedtejûn oerenlang sûnder stroom sitten. Om healwei achten hinne wie der koartsluting yn in transformaasjestasjon. Yn it kastje wie ek eefkes brân. De brânwacht waard derby roppen, mar hoegde net yn aksje te kommen.
Goed 300 hushâldens hawwe hast trije oeren sûnder stroom sitten. Uteinlik slagge it de monteurs fan Enexis om de stroom fia oare transformaasje-stasjons wer oan te leverjen.