Trond Sollied giet nei Ankara

20 nov 2009 - 16:26

Fuotbaltrainer Trond Sollied hat wer in klup. De eardere oefenmaster fan Sportklup Hearrenfean hat in kontrakt tekene by de Turkse ploech Ankaragücü. Sollied waard ein augustus by SC Hearrenfean ûntslein fanwege tsjinfallende resultaten.

De Noar hat goed in jier trainer fan fan It Fean west. By syn nije klup krijt Sollied te meitsjen mei finansjele problemen. Ferline wike waard noch in nije spiler út syn hotel set fanwege ûnbetelle rekkens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)