Vikingring nei Fries Museum

De vikingring giet tiisdei nei it Frysk museum
De tûzen jier âlde Vikingring dy't begjin dit jier fûn is, giet definityf nei it Fries Museum. Amateur- argeolooch Henk Batstra fûn de ring op in geheime lokaasje yn 'e Súdwesthoeke. De wearde fan 'e ring waard ynearsten rûsd op tusken de 10.000 en 30.000 euro. It is foar it earst dat sa'n sieraad yn Fryslân fûn is. Bûtelânske musea hawwe ek ynteresse foar de ring. Dêrom wie it earst noch net dúdlik oft de ring wol yn Fryslân bliuwe soe.