KNVB set Friezen yn sintsje

20 nov 2009 - 12:37

Twa Friezen binne tongersdei op in gearkomste fan 'e KNVB yn Wolvegea yn it sintsje set fanwege har ynset foar it fuotbalbûn. Gerhard Mebius út Goutum waard beneamd ta lid fan fertsjinste omdat er de ôfrûne 50 jier ferskate funksjes by de KNVB hân hat.

Foar Gerrit de Vries fan De Lemmer wie der fanwege jierrenlange ynset in sulveren spjelde. De ûnderskiedings waarden útrikt troch Jan van Driel, de nije foarsitter amateurfuotbal fan it fuotbalbûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)