Trein nei Harns rydt wer

De trein nei de haven fan Harns (argyfopname)
De treinen tusken Frjentsjer en Harns ride wer. Freedtemoarn om healwei tolven waarden de treinen op it trajekt ferfongen troch bussen. Dat wie fanwege in oanriding mei in persoan. Yntusken kinne de treinen wer ride. Sa stadichoan sil dat ek wer neffens de tsjinstregeling wêze.
Yn tuskentiid waarden der bussen ynset. De reis duorre dêrtroch in kertier oant in healoere langer.