Skieppekop yn tún PvdD'er

De skieppekop yn 'e tún fan Annemarie van Gelder
Yn de tún fan Annemarie van Gelder fan de Partij voor de Dieren is in peal mei in echte skieppekop delset. De foarsitter fan de PvdD-ôfdieling Fryslân ûntduts de peal freedtemoarn. Van Gelder wennet yn Makkingea.
Op in buordsje ûnder it skiep stie: 'Je maakt je druk om de paling en wij dan ritueel geslacht!!! Wat doe je daar aan.' De Partij voor de Dieren wol dat it fiskjen op iel ophâldt, om't it min giet mei de ielstân. De plysje tinkt oan in ienmansaksje.