Fryske brânwacht moat better

20 nov 2009 - 10:27

De Fryske brânwacht presteart net goed. Oanrydtiden wurde net helle, de oefenings binne net goed en de previnsje kin folle better. It stiet yn in rapport dat makke is yn opdracht fan de Fryske boargemasters.

It Ryk wol dat oeral yn it lân feilichheidsregio's ynfierd wurde. It betsjut dat de brânwacht yn Fryslân noch folle mear gearwurkje moat as no al dien wurdt. De kwaliteit fan de brânwacht moat as gefolch dêrfan better wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)