Ofskie boargemaster Haveman

20 nov 2009 - 09:26

De gemeenteried fan Frjentsjerteradiel nimt yn 'e gearkomste fan 3 desimber ôfskied fan boargemaster Marian Haveman. Dat wurdt dien mei in taspraak fan de nestor fan 'e ried, Swart fan it CDA. Ynwenners fan de gemeente kinne in wike letter, op 11 desimber, ôfskied fan har nimme by in resepsje yn it gemeentehûs.

Haveman hâldt nei sechtsjin jier op yn Frjentsjerteradiel. Se wurdt opfolge troch Fred Veenstra, dy't no noch wethâlder yn Smellingerlân is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)