Plan fan oanpak yn NE-Fryslân

© Omrop Fryslân
De gemeenten yn Noardeast-Fryslân komme mei in mienskiplik plan fan oanpak foar de problemen yn 'e regio. Dan giet it oer de oanpak fan de gefolgen fan 'e befolkingskrimp, mar ek om it fersterkjen fan it toerisme en it bedriuwslibben.
Yn oerlis mei de ûndernimmers en de maatskiplike organisaasjes wolle de gemeenten in spesjaal masterplan opstelle dat liede moat ta in bettere gearwurking yn 'e regio. It plan moat noch foar de ferkiezings klear wêze.