Skripsjepriis útrikt

Fjouwer studinten fan de Fryske hegeskoallen hawwe in priis krigen foar de bêste skripsje. De studinten fan Stenden, NHL en Van Hall wûnen 750 euro en in oantinken fan het Van Welderen Rengersfonds.
It fûns is oprjochte om studinten op hegeskoallen te stimulearjen in bydrage te leverjen oan de befoardering fan de ekonomy yn de provinsje. De winnende skripsjes gean oer leefberheidsprojekten en soarch foar minsken mei in beheining.