BWH winne foarmjouwingspriis

BWH ûntwerpers ha de Vredeman de Vriespriis dit jier wûn. De priis foar foarmjouwing krije se foar it ûntwerp fan it jierferslach 2006/2007 fan it Iepenbier Ministearje yn Ljouwert. Neffens de sjuery is it in pronkstik.
Der wienen tsien nominearden foar de priis. Dêr siet in lampe by, in earmbân, mar ek lûdsabsorbearjende panielen. BWH sit yn Ljouwert. De ûntwerpers krije in oarkonde en 5000 euro. It wurk fan de nominearren is te sjen yn it Princessehof yn Ljouwert.