Plan Harkema giet wol troch

19 nov 2009 - 15:34

It sintrumplan yn De Harkema giet wol troch, ek al hat wenningkorporaasje WoonFriesland him weromlutsen. Pleatslik Belang en de ûndernimmers sizze dat oare ûntwikkelers der wol jild yn stekke wolle.

WoonFriesland luts woansdei de stekker út it plan. It nije winkelsintrum mei fjirtich hier- en keapwenten yn it sintrum soe 12 miljoen euro kostje. De korporaasje komt oardel miljoen tekoart. Pleatslik Belang is teloarsteld.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)