Reedriders reitsje pas kwyt

19 nov 2009 - 14:21

De frjemdlingeplysje ropt Boarnsterhim en Eaststellingwerf op om de Nederlânske paspoarten fan Arjan Stroetinga en Jorrit Bergsma yn te nimmen. Se moatte in ferbliuwsfergunning oanfreegje om't se yllegaal yn Nederlân ferbliuwe. De gemeenten ûndersykje wat de prosedueres binne.

De reedriders Stroetinga en Bergsma ha de Kazakse nasjonaliteit oannommen. Sa wolle se meidwaan oan de Olympyske Spelen yn Vancouver.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)