Provinsje stipet NFF

19 nov 2009 - 12:48

It Noordelijk Film Festival krijt foar 2009 en 2010 in ekstra bydrage fan de provinsje fan 50.000 euro. De subsydzje is benammen bedoeld om it festival profesjoneler op te setten.

It festival wie ferline wike. De 31e edysje fan it festival luts 26.000 minsken nei De Harmonie en it Filmhûs. De provinsje makke ferline jier al bekend dwaande te wêzen mei in rêdingsplan. Dat wie nei't de organisaasje de needklok let hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)