Talmahûs ferboud

19 nov 2009 - 12:39

Twa ôfdielingen fan it Talmahûs yn Feanwâlden binne ferboud. Tsien bewenners fan it fersoargingstehûs krije in opknapte keamer, kabeltillevyzje en mear romte. De keamers foldiene net mear oan de hjoeddeistige easken.

Fiif keamers fan 36 kante meter binne omboud fan in keamer foar fjouwer persoanen nei ien foar twa persoanen. Der is ek in muorre tusken de bêden set foar mear privacy.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)