Ferhuzing NHL is begûn

19 nov 2009 - 12:26

It nije gebou fan de NHL yn Ljouwert is hast klear. Sa'n 1000 meiwurkers en 10.000 studinten sitte no ferspraat oer acht gebouwen. Op 4 jannewaris moat elk wer wurkje op de nije Kenniscampus oan de Rengerslaan. Tongersdei wie de earste ferhúsdei en tagelyk de lêste wurkdei foar it personiel oan it Catsplein.

It grutste part fan de ynboel wurdt yn de krystfakânsje ferhuze. It giet dan om praktikalokalen mei masines.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)