Boeren ferkeapje grûn net

Fryske Gea wol grûn Noarderleech keapje
Partikuliere grûneigners yn it Noarderleech wegerje har grûn te ferkeapjen oan It Fryske Gea. Dat ha se unanym besletten. Se besitte mei elkoar hûndert bunder yn it bûtendyks gebiet. Se wolle it allinne kwyt as se binnendyks lân weromkrije. It Fryske Gea wol de grûn ha om't it dan folslein eigner is. Boppedat binne der plannen foar de bou fan in gemaal.
Ultsje Hosper fan It Fryske Gea hie gjin idee dat de grûneigners wegerje soenen har grûn te ferkeapjen.