Mear telefoantsjes oer gryp

19 nov 2009 - 11:55

De GGD Fryslân hat woansdei 400 tillefoantsjes krigen oer de Meksikaanske gryp. Moandei wiene dat noch 163. De minsken belje faak oer de opropkaart. Se tinke foar de prik yn de beneaming te kommen, mar ha gjin oprop krigen. Dizze minsken kinne neffens de GGD it bêste nei it faksinaasjeplak yn har gemeente komme en in legitimaasjekaart meinimme.

Foar mear ynformaasje kinne minsken ek sjen op op de webside: www.ggdfryslan.nl.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)