Akkoart oer nijbou Boalsert

19 nov 2009 - 11:23

De stekken om it âlde busstasjon yn Boalsert wurde gau fuorthelle. Ferfierder Arriva sette de stekken om it parkearterrein oan de Snekerstrjitte del. Dat wie út protest tsjin it beslút fan de gemeenteried om dêr gjin heechbou ta te stean.

Der wiene plannen foar in kompleks fan seis boulagen, wylst de ried net fierder gean woe as fjouwer lagen. Neffens Arriva wiene de seis boulagen nedich om de bou betelje te kinnen. Der is no in akkoart fan 4 boulagen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)