Mear wurkleazen yn Fryslân
De wurkleazens yn Fryslân is it ôfrune jier tanommen. Dat docht bliken út sifers fan wurkbedriuw UWV. Ein oktober sochten 20.189 Friezen om wurk. Ferline jier wiene dat noch 16.382.
Dat is in groei fan 23,2 prosint. Dat is de grutste taname fan hiel Noard-Nederlân. Yn Drinte wie de groei 19,4 prosint, yn Grinslân 14,9 prosint.