Mislearre Burgernetaksje

19 nov 2009 - 10:40

De steuring by telefoanbedriuw Vodafone hat woansdei in tassedief yn de kaart spile. In ûnbekende man gie der yn de Doelesteech yn Ljouwert fan troch mei de tas fan in frou (34) út Ljouwert. Hy naaide út op in fyts.

De plysje sette fuortdaliks in Burgernetaksje op, mar koe troch de steuring de dielnimmers net berikke. De dief is in donkere man fan 1 meter 85 lang, mei in donkere jas oan en in griis mei wite pet op. De steuring by Vodafone is noch net oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)