Mishannele plysjefrou nei MCL

19 nov 2009 - 10:30

De mishannele plysjefrou (33) wurdt tongersdei nei it sikehûs fan Ljouwert brocht. Se rekke sneontenacht slim ferwûne by in mishanneling. Se lei yn Grins. Neffens in wurdfierder fan de plysje giet it noch net goed mei har, mar al wol wat better as earder.

De frou waard mishannele troch in Harnzer (32). De man wie troch de plysje yn Ljouwert mei syn auto oan de kant set. Hy sloech de frou yn it gesicht. Se rekke út de tiid en foel hurd op de stoepe. De man sit noch fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)