De Blesse op 'e nij yn aksje

18 nov 2009 - 22:24

Twa jier neidat se foar it earst oan de bel lutsen, komt in groepke ûngerêste motorriders op 'e nij yn aksje tsjin de ferkearsdrompels yn De Blesse. Ek Doarpsbelang De Blesse makket him dêr soargen oer.

Neffens Doarpsbelang binne de drompels oan it begjin fan it doarp te gefaarlik foar motorriders en is it wachtsjen op slimme ûngemakken. It giet om saneamde poddestuolledrompels. Dit binne lytse rûne bulten op 'e dyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)