Lange files troch ûngelok

18 nov 2009 - 20:42

De lange files woansdeitemiddei yn de buert fan it ferkearsplein op De Jouwer hiene alles te krijen mei in iensidich ûngelok. In frachtwein kaam troch noch ûnbekende oarsaak dwers op de dyk te stean. Dit wie op de rykswei A6, sa'n twahûndert meter fan it ferkearsplein fan De Jouwer rjochting De Lemmer.

In takelauto hat de frachtwein fuorthelle. By it ûngelok binne gjin minsken ferwûne rekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)