Sa'n 500 nije banen by CJIB

18 nov 2009 - 19:43

It Centraal Justitieel Incasso Bureau, it CJIB, groeit de kommende jierren mei sa'n fiifhûndert arbeidsplakken. Hoefolle it der krekt wurde, is noch net bekend. Dat waard woansdei dúdlik by it slaan fan de earste peal foar it nije kantoar oan de Tesselschadestrjitte yn Ljouwert.

It CJIB groeit trochdat it hieltyd mear taken krijt, lykas de útfiering fan it rekkenriden dat yn fazen ynfierd wurdt.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)