Gjin skeafergoeding Wildeboer

18 nov 2009 - 17:22

Wildeboer krijt gjin skeafergoeding foar útspraken fan minister Verburg. Neffens Wildeboer wiene har útspraken oer Friesland Vlees de wichtichste reden fan it fallisemint fan it slachthûs yn Ljouwert.

Verburg sei yn Buitenhof dat der misstannen wêze soene. Neffens de rjochter gie se dêrmei fierstente fier, mar wie dat net de oarsaak fan it fallisemint. Dat wie it ôfheakjen fan de grutste leveransier, Friesland Beef.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)