Webwinkels net altyd feilich

18 nov 2009 - 16:22

In soad webwinkels binne net goed befeilige. Dat seit in bedriuw yn ynternetbefeiliging. It beteljen mei iDEAL is wol feilich, mar it probleem leit by de websiden fan de webwinkels.

By in lytse 90 prosint fan dy winkels kinne kriminelen by persoansgegevens komme dy't klanten ynfiere om te bestellen. Dat is foar te kommen mei in sertifikaat, dêr't persoansgegevens ferburgen binne. De measte webwinkels ha dat net. De Keamer fan Keaphannel advisearret hjiroer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)