Soad yllegaal fjoerwurk

18 nov 2009 - 15:54

Der is safolle yllegaal fjoerwurk yn Fryslân, dat de plysje it amper kontrolearje kin. De plysje rûst dat 60 oant 70 prosint fan al it fjoerwurk yllegaal is. Mei 12 plysjeminsken is dat lestich oan te pakken. De lêste tiid binne ek al gauris knallen te hearren. Lêsten waard yn Ljouwert noch in partij fan goed 100 kilo yn beslach naam. Dêrby wiene yllegale Sineeske rôlen.

De plysje wol tips ha oer yllegaal fjoerwurk. Dat kin troch 0900-8844.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)