Replika mooglik nei Harns

De replika fan it VOC-skip de Prins Willim komt mooglik yn Harns te lizzen. Dat seit de nije eigner Jelle Talsma. Hy hat der al mei de gemeente oer praat. Hy wol it skip wer hielendal opbouwe. Yn july baarnde it skip folslein ôf. It sil mear as trije jier duorje foardat it skip opboud is.
Der is begûn mei it strippen fan de Prins Willim. It skip leit yn Den Helder. As it izer fan it skip ôf is, wurdt it kasko foar heal desimber nei Fryslân brocht.