Gjin nijbou sintrum De Harkema

WoonFriesland hâldt op mei it projekt foar it sintrum
Wenningkorporaasje WoonFriesland lûkt de stekker út it sintrumplan foar De Harkema. WoonFriesland fynt de finansjele risiko's te grut.
It plan bestie út de bou fan hier- en keaphuzen en winkels yn it sintrum. It gie om in ynvestearing fan 12 miljoen euro. Der is noch in tekoart fan oardel miljoen euro. WoonFriesland fynt dit bedrach te grut om fierder te gean. Yn 2003 is op fersyk fan winkellju en Doarpsbelang begûn mei ûndersyk nei it projekt.