Jild foar tsjerken en terpen

18 nov 2009 - 13:00

De provinsje stekt ekstra jild yn it behâld fan tsjerken en net beboude terpen. Dêrfoar is fjouwer jier lang 2,7 miljoen euro nedich.

Foarearst is der allinnich jild foar takom jier. Neist de tsjerken en terpen binne der ek noch gebouwen dy't oant no ta hieltyd bûten de boat falle. Ek dêr komt ekstra omtinken foar. It jild wurdt foar in part weihelle by de stipe oan monumintale wenhuzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)