Brantsje by Pyrasied

Fjoer wie gau ûnder kontrôle
By Pyrasied yn Ljouwert wie woansdei brân. Dat kaam om't in lasersnijmasine te hyt rekke wie. De masjine wie net útset foar it kofjeskoft. Doe't de minsken weromkamen, stie it apparaat yn brân. Dêrby ûntstie in soad reek. De Apolloweg op bedriuweterrein De Himrik waard ôfsletten foar ferkear.
De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Net ien rekke ferwûne. Pyrasied makket produkten fan akrylaat foar tapassingen yn it ynterieur foar reklame en yndustry.