Mear klachten oer lûdsoerlêst

Mear lûdsoerlêst fan de Ljouwerter fleanbasis
By Definsje kamen ferline jier 236 klachten binnen oer lûdsoerlêst troch de Ljouwerter fleanbasis. Dat docht bliken út sifers fan Definsje.
It tal klachten leit dêrmei heger as yn 2007. Doe kamen 155 klachten binnen. Yn 2008 wienen der twa grutte oefeningen en ek de Loftmachtdagen waarden doe hâlden. Oant en mei oktober fan dit jier leit it tal klachten oer lûdsoerlêst troch de fleanbasis op 255.