Plysje yn boarger by wedstriid
De plysje ferwachtet gjin rellen by de ynterlân tusken Nederlân en Paraguay. Dy wedstriid wurdt woansdei spile op It Hearrenfean. De plysje wol net sizze hoefolle minsken oft se ynsette. Der is in lanlik plysjeteam yn boarger by it Abe Lenstrastadion. Dy plysjes kinne yngripe as se supporters herkenne dy't har earder misdroegen. It Nederlânsk alvetal spilet foar it earst sûnt 24 jier wer yn it Abe Lenstrastadion. Yn 1985 spile Nederlân dêr tsjin Bulgarije en wûn mei 1-0.