Mishanneling automobilist

18 nov 2009 - 10:59

In autobestjoerder (59) út Appelskea is tiisdei yn Assen oanhâlden. Hy hie op de provinsjale dyk by Easterwâlde in automobilist (56) mishannele. Hy hie him ynhelle, mar krige neffens him te min romte om goed yn te foegjen.

By de ferkearsljochten by Easterwâlde helle er ferhaal en joech it slachtoffer in klap yn 't gesicht. Dêrnei ried de man wer fierder. De mishannele bestjoerder belle 112. De plysje koe de feroarsaker letter by Assen fan de dyk helje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)