Brêgen ticht om stoarm

18 nov 2009 - 10:54

Neffens de plysje binne oant no ta noch gjin slimme dingen bard troch de stoarm dy't woansdei oer Fryslân raast. In tal brêgen yn de provinsje kinne net betsjinne wurde. It giet om de brêge fan Deinum, Ritsumasyl, Burgumerdaam en alle brêgen yn Boarnsterhim.

Rederij Doeksen lit fanwegen de stoarm de snelboat nei en fan Flylân en Skylge letter op de dei ferfalle en ferfangt dy troch de gewoane boat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)