Sieraden ûntfytmanne mei taart

18 nov 2009 - 10:01

In frou (86) op It Hearrenfean is tiisdei fan har sieraden berôve. In ûnbekende frou kaam in taart bringen. Se sei dat âldere minsken ek wolris yn it sintsje set wurde meie.

Se frege de âldere frou oft se in mes brûke mocht. Ut de keuken hearde de frou letter lûden dy't se net fertroude. Se stjoerde de frou fuort en warskôge de buorlju. Mei de frou mei de taart draafden noch twa oare froulju fuort. Letter die bliken dat de sieraden wei wienen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)