Priis foar romtlike kwaliteit

18 nov 2009 - 09:53

De provinsje komt mei in nije priis. Dy wurdt útrikt oan in persoan of groep dy't him op bysûndere wize ynset foar de ferbettering fan de romte yn Fryslân.

Deputearre Steaten neamt de priis nei de foarich jier ferstoarne deputearre Anita Andriesen. Sy makke har neffens deputearre Konst bysûnder sterk foar de romtlike kwaliteit. Doel is de priis ien kear yn de twa jier út te rikken. Takom jier sil de earste kear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)