Edison foar Jos Boerland

18 nov 2009 - 09:32

Jos Boerland fan De Jouwer krijt in Edison. Dy muzykpriis krijt er foar de cd 'The Shakespeare album', dy't er produsearre en útjûn hat. Boerland is eigner fan it label Aliud Records. Op de cd sjongt Fay Claassen ûnder begelieding fan it Ilja Reijngoud Kwartet.

De Edison is in wichtige Nederlânske muzykpriis, te ferlykjen mei de Grammy Award yn Amearika. De priis wurdt woansdei yn Eindhoven útrikt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)